Thailan wike 2; Jungle! - Reisverslag uit Suphan Buri, Thailand van Femke - WaarBenJij.nu Thailan wike 2; Jungle! - Reisverslag uit Suphan Buri, Thailand van Femke - WaarBenJij.nu

Thailan wike 2; Jungle!

Blijf op de hoogte en volg Femke

25 November 2016 | Thailand, Suphan Buri

Junglewike

Disse wike stiet yn t teken fan de natoer, troch de jungle rinne, eigen iten meitsje, sliepplak sykje, kampfjoer bouwe, gjin douche, gjin tillefoan(allinich foar fotos), gjin luxe, mar wol eindigje op freed yn n hotel. Sa sei t boekje. Werom ik dit precies boekt ha wit ik efen net sa goed mear. Tink dat ik graag t superhelden gefoel ervaren woe, dat ik t ek wol oerleve kin sunder alles.  En dat gong wol n bietsje oars as verwacht.

Helden binne stoer. Foar niks nog net bang. Ik bin gjin held ha ik ontdekt. Ik wie bang. Foar alle slangen en grutte spinnen. Bang om te fallen en ut te gliidzjen. Mar t allerengst fun ik dat myn eigen lichaam sei "ho stop Fem, tot hjir en net in meter fjirder".

Moandei te moarn binne we fertrokke  ut Singburi, mei sa weinig mooglik spullen, want je matte alles meislepe. Hele prestatie foar my, sjoen ik altud te folle mei ha. Mar klear, wol aardich slagge, gaan met die banaan. Op nei de jungle. We wien mei syn 4en. En in gids. Use gids syn engels is net al te best, mar mei han&fuotten komme we in heel ein. Prima te doen. Syn namme is Nong. Just in case you wanna know.

Nei in pear oerkes riiden, undertusken hien we ek boadskippen dyn, kaam we oan yn Phutoei national park. Supermooi. Hjir kriigen we in tintsje, in matsje en in sliepsek. Lekker kamperen! Vind ik leuk! Kaam alle tentopset stress fan simmerfakansjes toch nog fan pas, thanks heit&mem. Heel faak hearde ik heit yn myn holle "tink der om, gjin spullen tsjin de kant oan sette, dan giet t lekken" of "is jim tinte wol goed ticht? Tink om e miggen". Pfoeeh en miggen, die ha se hjir. Ynmiddels sit ik under de bulten wylst se mei yn Nederlan helemaal net lekker fine. Thaise miggen ha in oare smaak tink ik. Yn elts gefal, de tinte stiet, wy krije lekker iten, hoefe t nog net self te meitsjen en strune juns noch efen oer de markt tichtbij. Der wurd us ferteld dat we hjir 2 nachten sliepe, net echt yn de jungle dus, mar fjirder behoorlijk primitief. Ik fyn t machtig. 'T is in superplak.

Nei in nacht sliepen moarns gau de tinte ut en ontbijt meitsje. Gelukkig ha we in gassteltsje mei welgeteld ien pit, dus ik hoef myn dagelijkse bakje thee net te missen. Ek ha we aai en bolle mei jam, jottum. Mei myn bakje thee yn e han sjoch ik noch ris om my hinne; t is hjir echt supermooi, 50 shades of green, skitterend. Der wurd us ferteld dat we 9 oere fertrekke foar us eerste trekking troch, jawol, de jungle. Sa sein, sa dyn, 9 oere stean we klear nei us regsekje. Wetter, check, zonnebrand, check, anti insectenspray, check, camera, check.. nja tillefoan. Us gids had n lunch pakketje foar us makke dus dat giet ek yn e tas. Readyfreddy.

De tocht die we dan meitsje is yn t nationaal park en begjint bij in grot. Fuck, ik haat grotten. Donker, krap, benauwd, niet mn favo plek. Mar sjoen we noch mar krekt los binne, net seure en die grot yn. Dit falt heel erg mei, superrom, leor in betonpaad, moai ferljochte, krekt n film lokaasje. En die pear vleermuzen koe ik ek noch wol oan. Ik fjil my al n echte superheld. We rinne fjirder de jungle troch, ondanks t geselskap fan hunderden ferskillende insecten is dit in moai tochtje. We gean steeds mear omheech, wurd al pittig, mar noch steeds prima te dwaan. Sa no en dan binne dr bregjes en trepkes die t iets makkelijker meitsje. Ek al sjocht dit dr net altyd lyke betrouwbaar ut, we sille wol matte. Sa no en dan n break foar n slokje wetter en in sigaret foar use gids. Uteindelijk komme we boven oan op n prachtig plak. In soort rots hinget oer t plak hinne. En tis mooi grien, mar toch in iepen plak. Waardeloze omskriuwing, ik wit t.. Hjir stiet uiteraard en buddha en ik knik efen syn kant op, ha t toch mar moai helle. Fjirderop ha we use lunch. We iepenje us bananenbled en wat schetst onze verbazing, riis. Mar wol erg lekker en welkom nei disse trip omheech. Us gids verteld dat we t selfde paad wer werom gean nei de lunch. Prima! In heal oerke letter gean we wer los. Nei beneden wol te ferstean. Yn t begjin giet dit wol prima, mar ik begjin al wat angstig om my hinne te sjen.Soe ik dan toch mem har hichtevrees meikriigen ha? En dy trepkes, dat hald noait. Mar rustig trochrinne en net te folle nei beneden sjen tink ik. T giet wol aardig, ondanks t feit dat myn hartslag run de 180 sit. Misskien wol 280. Jezus wat is dit eng. Ien misstap en ik fal te pletter. No sil dit misskien wol tafolle, mar yn myn beleving wie t echt sa. Voor je kijken, doorlopen. Efen n stikje sunder trepke, chill. En dan begjint myn hele lichaam te trillen& te switten en betink ik dat ik die misskien wol helemaal net sa leuk fyn. Kutjungle. Rustig trochrinne.. ik sil toch nei beneden matte. Ik ha t helle, bin net te pletter fallen, mar bin wol heel erg skrokken fan hoe myn lichaam reageerde en wit heel seker dat ik dit gefoel nooit wer wol. Tot hjir & gjin meter fjirder. Op Bali bink ek al twa keer flauwfallen en chill is oars. Jun mar mei de gids beprate betink ik. We riide nei in wetterfal en der kinne we heel chill zwemme, bijkomme fan de jungle.

Juns matte we self us iten meitsje, dit duorret ongefear in oere, sjoen we mar ien pit ha, mar t smakket prima. Under t iten besprekke we de plannen fan moarn en wurd dr ferteld dat we in swierdere tocht gean meitsjen. Wylst use gids verteld fjil ik dat ik langzaam yn panyk reitsje, dat gefoel fan fmidje wol ik echt net wer. Ik begjin heel onrustig te ademjen en begjin heal te hyperventileren. Myn lichaam dot net wat ik wol en dat gefoel fyn ik ferskrikkelyk. Complete paniek. Bin mar bij de tafel weirun. Wat is dit kut.. Letter komt de gids bij my en prebjerre ik ut te lissen wat dr is. Hy lustert en seit dan "dont worry, youll be save and if you worry, tell me". Uteindelijk beslute we dat ik de tocht fan moarn net mei gean rinnen, hy hat n goed alternatief foar my. Ik fyn dit eerst net leuk, opjaan is net myn ding. Ik ha de slachte ek utrun, dan mat dit toch ek kinne? Toch beslut ik mar nei myn lichaam lusterjen. Dat gefoel op die berg wol ik nooit wer. Dan mar gjin superheld. Letter op jun lis ik nei de stjerren te sjen en flitst myn holle efen nei Nederlan, nei myn machtige simmer en betink dat dr minsken binne werfan ik soe wolle dat se dit sjen koen. Tuzenden stjerren, safier ast sjen kinst. Dernei gean ik lekker koesen yn t tintsje.

De folgende dei, woansdeis, pakke we use tint en spullen yn en gean we nei in oar park. Ik bin wol neiskjirrig nei wat de gids foar my yn e planning had en sjoch dan dat dr in mini vrachtwein klear stiet. Dermei riide we nei t folgende park. Machtig. Al use spullen yn e laadbak en dan kinne wy dr tusken sitte. Gaan met die banaan, fet cool. Nei in heal oerke riiden gean we fan de dyk of en is it paad behoorlijk slecht. We gean allegear achter de cabine stean en race de jungle troch. Goed beethalde en op de goeie momenten bukken, oars hast in tak yn dyn knappe gesichtje. Genieten! Nei in tiidsje riiden stopje en giet de rest, mei in parkranger, dr ut. Sy gean de jungle troch. Ik krij myn lunchpakketsje en dr wurd sein dat ik foarien mat sitte. Dus dat doch ik braaf. Ferfolgens skeur ik mei de oare parkranger de jungle troch. Machtig! We stopje in pear kear by utsichtpunten en ik bin bliid dat ik net hoef te rinnen. Ik fjil my noch steeds net honderd punten en dit is skitterend. Nei in tiidsje riiden komme we op in prachtig plakje oan en blykt dat we hjir gean sliepen. We sitte op een berg, tusken allegear oare bergen. Machtig utsicht. Dit is ien fan de mooiste plakken wer ik ooit west bin. Ik sykje in plakje yn t gers, iet rustig myn riis op en beslut dat ik sa ek heel goed fan de jungle kin geniete.

Juns ha wurre we utnodige foar in bbq bij oare minsken die, tink ik, medelijden mei us sielige kampfjoer ha. Dat fan hun wie better. Folle better. Wat in leven. Terwyl we in hangmatten lisse en nei de stjerren sjoche ha we it oer fan alles en noch wat. Sy gean moarns de berg op om nei de zonsopkomst te sjen. Sjoen de sinne myn beste maatje is, wol ik dat eins ek wol heel graach dwaan. Ik beslut dat ik meigean en dat ik wol sjoch hoe t giet. Dus mar gau de tinte yn en de wekker sette. Nachts reint t keihurd en dit is moarnsbetiid net oars.
Foar t eerst yn wiken besef ik dat t echt november is. Der rinne we dan. Troch de stromende rein in berg op om de sinne te sjen. Dit kin noait goed komme tink ik en oan de gesichten fan iederien te sjen bin ik net de ienigste die dat tinkt. Toch fersekert use parkranger dat we echt de sinne kinne sjen boven. Dus we stappe troch. T giet ferassend goed. Conditioneel mankeert dr soms wol wat oan, mar ik fyn t net eng en myn lichaam dot normaal. Noflik. Rustig trochstappe nei boven. Der reint t natuuuurlijk ek. En dat net allinich, dikke mist. We sjoche echt niks. Wat n domper. Eefkes letter komt t oare groepke ek boven. Sy binne dudelik better voorbereid as us. In plastickleed wurd dr ophong en se gean fjoer meitsjen. Wy stean dr wat nei te sjen en freechje us of hoe se dit gean dwaan. Wiet hout brandt toch net? Toch wol. Bamboe is tenslotte hol en binnen in pear minuten stiet de boel yn de fik. Heerlijk. Sjoen wy tot oan de bh ta wiet binne is dit in welkome verassing. Ek ha se spullen bij hun om koffie en sop te meitsjen. Binnen n heal oerke sitte we, op in berg, yn de mist, mei seikwiete klean, oan de koffie en sop. Lekker opwaarmje sa. Iets om nooit wer te ferjitten. Gelukkig hebben we de fotos nog. Dernei binne we wer nei beneden glibbere. Alles wie mega gled en lekker drekkig. Gelukkig hong dr in tou en koen we sa nei beneden rinne. 700 meter. Mooi tochtje. En ja, we binne allegear utgliide en ha heel charmant oan t tou hong yn e drek. Mar it wie moai! Middeis wer yn use truck werom skeure troch de jungle, mei us groepke, en we kaam wer bij de eerste kampsite oan. Der ha we us tintsje opsetten en binne we noch nei in mar riiden. Der freeche use gids at we hjir moarnier de sinne ek woen bewonderje. Hy wist natuurlijk ek dat t wat in domper wie op e berg. Wy wien alle fjouwer fuort enthousiast en ha besluten om der de folgende dei te ontbijten. Freeds dus. Betiid dr ut. Yn e sliepsek yn de auto en op nei it mar. Gassteltsje mei en wylst de sinne opkaam genoten fan us ontbijt. Bolle mei jam, aai en thee. Foar de feroaring. Mar ik fun t mooi. Lekker yn in sliepsek mei in bakje thee fan de sinne genieten. Hjir wien we t der allegear oer iens dat we in machtige wike han ha, ieder op syn eigen manier. In skitterende ervaring riiker.

Under de miggebulten, skrammen, drek en mei beenhaar wer tarzan u tsjin seit, komme we middeis yn us vieze klean oan yn t hotel. Der is in zwembad en in waarme douche. Heel noflik no myn hier is tou is feroare. We gean juns lekker ut iten en sliepe heerlyk yn in echt bed.

Underweis sjoch ik in poster hingjen mei "be your own sun" en tink, jup, klopt. Be your own sun. Shine. Dan mar gjin superheld.

  • 25 November 2016 - 18:42

    Margreet Stienstra :

    Hé superheld!;) mooi verhaal!
    Geniet van dien mooie avontuur!!
    Gr buur!

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Thailand, Suphan Buri

Mijn eerste reis

Bali&Thailand

Recente Reisverslagen:

25 November 2016

Thailan wike 2; Jungle!

20 November 2016

hallo Thailand!

08 November 2016

Dag Lovina

23 Oktober 2016

Ik tink dat ik hjir bliuw wenjen

09 Oktober 2016

Bjusterbaarlikmoai Bali; wike 2&3
Femke

Actief sinds 26 Sept. 2016
Verslag gelezen: 1288
Totaal aantal bezoekers 7324

Voorgaande reizen:

26 September 2016 - 31 December 2016

Mijn eerste reis

Landen bezocht: