hallo Thailand!
Blijf op de hoogte en volg Femke
20 November 2016 | Thailand, Singburi
13.10 lokale tiid gong myn vlucht fanôf Denpassar nei Kuala Lumpur. Dag Bali, wiedest fantastisch. Ik ha genoten!
Yn Kuala Lumpur moest ik 90 minuten wachtsje foardat yn t fleantug nei Bangkok mocht. Prima te dwaan, lekker minsken sjen en omstrune =) Juns 1900 landde ik yn Bangkok. Tiidferskil mei nederlan is 6 oerkes, falt ta. Op t fleanfjild stoen dr in local te wachten mei myn n briefke mei myn namme. Der mar hinne! Disse man hat my yn n buske drukt en toen waard ik dr bij in hotel utgooit. Moarn om 9 oere mast wer op t fleanfjild weze waard dr sein, check. Myn hotelkeamer wie mega grut & hie in waarme douche! En dat is nei 8 wiken kald douche oprjocht genieten =) Ek n mega twapersoansbed, safolle better as myn bamboe stapelbed. En sjoen ik allinich bin in wereld oan romte; genieten! Heerlijk koest!
Folgende dei om 830 wer nei t fleanfjild, want ja, der moest ik 9oere wer weze. Ienmaal oankaam hie ik redelijk gau myn contact persoan wer fun. Disse sei dat ik moest wachtsje op oare frijwilligers, prima. Totdat ik er achterkaam dat se pas tusken 2&3 soen oankomme.. Lekker dannnn.. Try to get some sleep sei dy beste kerel.. Mja ik hie krekt de nacht fan myn leven han(best wol sneu dit..), dus sliepe wurd m net vriendje. Dan mar wer minsken begluren en gelukkig wie Dan Brown dr mei goeie verhalen. Langzaamoan kaam dr steeds meer minsken bij zitten en om 3 oere wie use groep eindelijk compleet. Toen waren we yn d bus dropt en nei 3 oeren riiden kaam we oan yn Singburi, der stoen n auto foar us klear die us nei us sliepplak brocht. Tis hjir krekt in mini doarpke mei allegear lytse huskes mei frijwilligers, heel leuk! Binne ek folle mear minsken hjir, allinich jammer dat 80% duts is en ek stug duts praat.
Disse wike ha we soort introwike mei in groepke fan 8, 2dutsers, in Belg en 5 nederlanders. En wy prate wol braaf Engels :) Superleuk groepke! De eerste dei gong we nei de sted ta rinnen, megawaarm natuurlyk, mar moai tochtje! En safolle hûn underweis, mar remmeber, you are the big dog! Yn Singburi ha we efen jild wisselt, €1,- is 40 thaise baht. Dus 100 baht is €2,50 voor de snelle rekenaars onder ons! Wie krekt went oan de Indonesische Roepias, efen omskakelje wer! Dernei efen nei winkeltje en lunche, prima te doen. Middeis ha we us eerste tempel hjir besocht. Der ha we de wierrook oanstutsen, ritueel volgt. Buddha sjocht tenslotte alles. En ik fyn persoonlijk t boedhisme wol interessant, dus fyn t erg leuk! Juns kaam dr bern fan n lokale dunsskoalle in traditionele duns opvoeren, heel skottig en best knap! Letter moesten wy meidwaan, dat wie nog best lestig. Fjirder ha we dy juns nog boatsjes makke fan bananenbled en blomkes, der in kjerske op en dan te wetter litte, like supermooi. Wie in speciale floweroffering die mar ien kear per jier is, wol yndrukwekkend. En heel moai, al die ljochtjes driuwend op t wetter. Dernei lekker koest yn wederom in stapelbed. Deel n 4 persoonskeamer mei n Duts famke, dus we ha best wol n soad romte, heulchill. En sy is n leuke dutser!
Tiisdeis hiene we in tempeldei. We begun bij de grutste buddha fan Thailan, der moest je trije runtsjes omhinne rinne foar geluk. Dus dat ha we dyn. Op bleate fuotten op e superhyte tegels, dat we ha hast draaft, maar dat wie dan wer te waarm. Dillemaaaaa! Fjirder waard der noch fan alles ferteld oer de hel en t buddhisme. U mag niet liegen, stelen of grote dieren vermoorden. Miggen deaslaan is prima. Ast liegst dan eindigst yn de hel mei in mega lange tong die se dr dan wer ofhakke liuw ik, ast dingen jast hakke se dyn earmen dr of en ast in grut bist fermoordst dan eindigst yn de hel mei dyn eigen lichaam, mar mei de kop fan t deade beestje. Foar sommige minsken is dit sa raar noch net.. Al disse straffen wien der utbeeld yn n beelden tun, frij creepy. En der run dan complete skoalreiskes tusken, earme bern, foar de rest fan hun leven traumatiseerd. Tempel nummer 2&3 wien bijna t selfde, eins net in tempel, mar n alde sted. De iene wie de alde haadsted en d oare wie iets mei koningen. Beide wien se bombardeerd en wien alle hollen fan de buddhas dr ofhakt en meinaam troch t aanvallende leger. Wit efen net meer welk, safolle informatie op ien dei..
Tempel nummero 4 wie ek moai, uiteraard mei in heel soad buddhas. Hjir koedest gokke foar geluk. Moestest in muntsje nei beneden litte falle, precies yn in put. Liket makkelik, is t absoluut net. Ik wie teleurstellend slecht foar ien mei in sportopleiding, mikken is niet echt mn ding.. Bij deze tempel wien ek skildpadden, leuk om te sjen, mar wol wat lelijke beestjes.. Dernei noch nei n museum wer t heerlyk koel wie, bietsje leert oer de skiednis fan Singburi.
Lyts detail foar disse dei, wy froulju moesten constant alles bedekke, fan skouders tm knibbels, dus t wie heeeerlijk switte. Mja je wolle ek net respectloos weze, dus wij ha dat steeds braaf dyn. Gelukkig hien we in chille auto, wer yn we lekker koen trochwaaie. Normaal broeke de locals disse autos foar hinnen, mar use organisatie broekt se foar frijwilligers. Top, thanks. Disse dei wie wol heel leuk en interessant trouwens, mar 4 tempels en in museum op ien dei is misskien wat overdreven..
Woansdeis binne moarns nei in lyts huske west wer we us eigen enkelbandsje ha makke. Leuk om te dwaan, mar je matte n wereld oan geduld ha en dat is nou net myn sterkste punt. Maaaar, hij is of en ik draag m trots! Dernei hien we Thaise kookles, us eigen lunch meitsje, dus der op of der onder, frij belangryk! We ha noodles makke mei griente en aai en in salade. Niet heel hoogstaand, mar s wat oars as riis is erg wolkom. Middeis hien we frij en binne we nei t zwembad gong. Koe in eindelijk myn brune huidje showe, haha. In welkome afwisseling nei constant alles te bedekken mei 32 graden. Mar ik seur net hear, de sinne is nog steeds myn beste maatje. Juns hien we in Thaise bbq yn in restaurant. Elk tafeltsje hie syn eigen mini bbq en sierend wetter op e tafel. Der koest dyn fleis opbakke of dyn griente siere. Koest echt alles krije, inclusief hart en lever, jummy. Allinich jammer dat t iten der de hele tiid lekker buten leit tusken de migjes en oare insecten lei. En dat iederien dr yn omgraaide.. Gelukkig is myn maag ynmiddels wat went en ha ik prima iten =) Gjin lever en hart trouwens.
Tongersdei gongen we langs ferskillende lokale wurk gelegenheden. Lans in plak wer se tapijten meitsje, ergens wer se borduren en lans de fiskers. Foaral die eerste twa fun ik net leuk om te dwaan. Die minsken wien der hurd oan t wurk en wy run dr as in stel verwende ryke blanke toeristen tuskentroch, getver. T plak wer se fisk fongen wie nog wol geinig, mar bliuwt nog steeds raar om der tusken trich te rinnen wylst dy minsken oan t wurk binne. Dernei gongen we nei in skoalle, vind ik leuk! Wie heel oars ik tocht hie. Skoalle wie mega grut en hie alles prima foar olkoar. Grut sportfjild, mega kantine, grut skoalplein mei in soad toestellen en selfs in swembad. Geen medelijden dus, haha. Mar die bern yn hun mini uniformpjes bliuwe fantastisch. Middeis binne we wer nei in tempel west. We hiene tenslotte al ien dei sunder tempels han. Hjir lei de grutste buddha fan Thailan, kink dy ek ofvinke! Hjir koen je wer bidde foar geluk. Handjes ineen vouwen en nei foaren, dernei moest je een beeld fan in olifant optille mei je ringvinger. Dan wer bidde en de olifant optille. At dit de twadde x mislukte, dan hie je geluk! Allegear braaf probeert en op ien of oare magische manier lukte t de twadde keer echt net. Dus ik ha geluk foar d rest fan myn leven. Awesome die Buddha. :)
Juns binne we opsyk gong nei de zonsondergang op us fytske. Dat is heel chill trouwens, se ha hjir fytsen diest gewoan meist broeke. Lekker hollands! Dat fytsen dan.. t samar broeke kin yn Nederlan net, heulaas. Juns lekker degelijk kaarten yn de bar oan de oerkant, heel gezellig!
Freedtemoarn mochten we alles wer bedekke en binne we nei in tempel west wer buddhas voetprint wie. Opsich wol leuk, mar oardel oere riide foar in pear fuotstappen yn t san is wat lang, fyn ik. Gelukkig wie der ek n moai utsichtpunt en wie t toch de moeite wol wurch. Nei use lunch, riis en griente, heel verassend, gong we nei in monkeytempel. Heel leuk, allegear aapkes die der run drave en op iedereen springe. Dus alle sierraden of, myn kettinkje foar t eerst yn in heel lange tiid, fjilde my frij neaken. Mja stun ek net te springen om in aapke dat dr oan hingjen gong.. Wie heel leuk der, allinich us gids wie in bietsje apart. Lyts vrouwtsje wat steeds die apen oan t opruien wie, persoonlijk niet mn favo.
Al mei al fermeitsje ik my prima hjir! Ha n leuke groep, lekker weertje en n heel soad sjoen. T wykein ha we rustig oan dyn en foarbereide op folgende wike. Je kinne hjir namelijk elke wike wat oars dwaan en dat is wol heel leuk! Net alles is op t selfde plak en der troch sjoche je in heel soad fan Thailan. Tink ik. Bin hjir tenslotte noch mar 7 dagen. Komende wike de jungle yn, spannend!
Ohja, ha de eerste slang ek al spotten. En kikkers yn de douche. En spinnen yn myn bed. Jottum. Ien mei moeder natuur. =)
So far, so good!
-
20 November 2016 - 09:19
Fam.annema@hetnet.nl:
Leuk ferhaaltsje Femke! Succes yn de jungle! -
21 November 2016 - 09:30
Aukje:
Machtig Fem! Folle wille fan'e wike! &remeber; #alsjevanBerenlerenkanvanslimmeBerenlerenkan ;)
Reageer op dit reisverslag
Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley