Ik tink dat ik hjir bliuw wenjen - Reisverslag uit Lovina, Indonesië van Femke - WaarBenJij.nu Ik tink dat ik hjir bliuw wenjen - Reisverslag uit Lovina, Indonesië van Femke - WaarBenJij.nu

Ik tink dat ik hjir bliuw wenjen

Blijf op de hoogte en volg Femke

23 Oktober 2016 | Indonesië, Lovina

Woowzurs, ik bin al oer de helft fan myn tiid op Bali(Gelukkig ha ik dernei nog 7 wike Thailan). Tiid giet megasnel. Ofrune twa wiken ha ik n heel soad sjoen en dyn. We hien best n soad frij, want de bern kaam net. Heel bysunder, mat ik noch steeds oan wenne. Mar dertroch ha we wol n moaie dei han, binne mei in groepke in dei der op ut west; nei de riisfjilden, wettertempel en waterval. Allegear erg yndrukwekkend. Ik fyn foaral de tempels en t geloof hjir erg bijzonder. Sa oars as bij us.

Foarig weekend stun yn t teken fan Annema on tour. Heit en mem binne twa wike op Bali west en sjoen ik hjir ek bin ha we een meeting plant. Yn Kedisan, der wien sy en soe ik hun meete. Zo gezegd, zo gedaan. Trije oeren yn e taxi en der wie ik. Moai optiid foar t iten en dernei gau op bed, want we moesten dr betiid ut. 3 oere wol te festean. Want we gongen de Mont Batur beklimmen. In actieve vulkaan yn rust ofsa. Liket my heerlijk, actief weze yn rust. Nou wekkertje betiid, op nei us ontbijt. Gefrituurde banaan. Jottum. Maar better as niks en op n lege maag de vulkaan op is ek net ideaal. Dus de gefrituurde hap nei binnen wurke en op nei de vulkaan. Der kriigen we n gids ta wezen en begunnen we oan de trip. Run n oere as 6 wien we boven tink ik, der koen je fan de sunrise geniete, supermooi! T tripje nei boven wie best pittig trouwens, soms mar goed dat t donker wie en je net alles koen sjen. Boven freechen se at we de medium of small trip hien, nouu wy hien natuuuuurlijk de long trip.. Mei dy fanatyke alders fan my hie ik ek net oars verwachtte. Wie machtig trouwens; ik sil net yn details trede(de lamme leidt de blinde), mar ik tink net dat de gids us gau sil ferjitte. We ha roen de krater run en der wien plakken we de rook gewoon ut de grun kaam, heel apart! In aanrader! Mar dan misskien de small trip..

Middeis bin we nei de hotsprings der west, dik genieten! Krekt centerparcs, mar dan wie alles buten en superluxe. Moaie baden mei utsicht op e bergen, errug chill. De folgende dei binne we nei Lovina gong. Efen showe wer ik wenje en juns bij t volleybal sjen. Gezellig!
Moandei te moarn bin ik mei heit fuort west te dolfijnen spotten(mem wie syk). We sieten yn n boatsje en gongen opsyk nei de dolfijnen. Dit wie machtig! We ha n heel soad sjoen en selfs op in surfplank achtig iets achter de boat tusken se driuwn, wederom yndrukwekkend!
Tiisdeis mocht ik myn skoalle skippe foar n dagje snorkelen. Dit wie ek in moai tripje, n soad fisken sjoen. Stiekem fun ik dit nog steeds eng, dus bij us twadde stop ha ik braaf fanut de boat sjoen. =) Ek net erg. Juns nog iten mei syn trijen en toen wie use tiid mei syn trijen alwer om. Heit en mem binne wer feilich yn Nederlan & ik sit noch feilich hjir. Hjir binne alwer minsken bij kaam, mar ek wer minsken fuort gong. Bliuwt leuk om safolle ferskillende minsken en ferhalen te hearren.

Fjirder is t lesjaan noch steeds superleuk! Ofrune tongersdei hie elke groep mar weinig bern, dus ha we besluten om alle groepen samen te voegen, 26 bern, 5 fan us, wat in feest! Ynmiddels is t hjir ek herfstig, juns trui is oan is wol chill, ek foaral tsjin de miggen.. Bali is echt genieten.

"En, bist dyself al tsjin kaam?" Dat berichtje kriig ik lest.. Hjoed ha ik besluten dat je jezelf oeral tsjinkomme, derfoar hoefe je echt net nei Bali. Moarnsbetiid yn e spiegel ast mei dyn wurche kop opstiest, yn e winkel dyn weerspiegeling yn t rut, yn e kroeg werst dyself drfan oertsugest dast dr echt goed ut sjost mei dyn wyntsje yn e han, yn de auto bij t achterut ynparkeren, op ien fan dyn honderdachtentwintig selfies op snapchat, elk mei in oar filter. Dysels tsjinkomme kin oeral, ast mar wost. En dan? Ik ha gjin flauw idee.

Ik sit no 5 wiken hjir en wat ik foaral ha leert is ontzettend cliché, mar wol wier. Fyn ik(let op, mening). Wy yn Nederlan binne ferskrikkelijk verwend en doche precies wat t boekje foarskriuwt. Want stel dat iemand dr wat fan fynt. En dat diegene dat dan seit. Panyk. Stress. Chaos. Iederien wit wat t beste is, hoe t mat en werom t sa mat. Hoelang je meie geniete fan iets leuks(net te lang, we matte wer oant wurk), hoelang je ferdrietig meie weze at ien dr net mear is(ek net te lang, t leven giet troch), mar wat we foaral heel goed kinne is minsken fertelle hoe dom t wie wat diegene dyn hat. Want dat ha je zelf fest net yn e gaten. En dus fertelle we mar niks. Dan oordeelt ek net ien. Hjir binne de minsken sa oars, tevreden mei alles dat se ha. In hus sunder dak? Kin ik juns heerlyk nei de stjerren sjen! En se nodigje dy ut yn dat hus sunder dak. Se joue dy in lift op hun scooter, sunder wat foar werom te wollen. Bern hjir boartsje de hele dei buten, mei hun poatsjes yn e see, sunder iphone & se lykje behoorlijk gelukkig. Minsken komme bij olkoar langs at t goed giet, mar ek at t minder giet. Sunder utnodiging, sunder oordeel. Mar gewoan om te sjen wat se foar dy kinne dwaan.

Okee, dit wie cool, ik sit momenteel op t stran tusken de locals te typen en dr run krekt n steltsje foarby dat mei my op e foto woe, the rich western girl, se moesten s witte. Anyway, lief zijn is gratis. Dus gean mei se op de foto, oordeel minder & geniet. Alles witte makket net gelukkig. Salang ast mar wist wast witte wost =)

Zo wijze woorden fan Femke op e snein te midje. Over&sluiten.


  • 23 Oktober 2016 - 12:52

    Angre:

    Moai ferslach frou!
    Kinst wol boekskriuwster wurde!
    Noch een moaie tiid dêr
    Groetjes
    Angré en Bouwe

  • 23 Oktober 2016 - 13:04

    Aukje:

    Held! Fijn datst it sa moai hast dêr! ^^
    &at ik dyn ferhaaltsjes lês, hear ik it se gewoan sizzen!
    Vet leuk Femmie!
    xx

  • 27 Oktober 2016 - 14:09

    Nynke:

    Wenjen bliuw*

  • 03 November 2016 - 20:24

    Leonard T:

    Dear wy de verklaring van dyn neije profiel foto al op FB. De Mont Batur moai aventoer man.
    Super al die undernimmingen tusken it lesjan troch!
    Wur er suver jaloers op om it te leazen, dan wol k ek wer mear sjen fan e wrâld.
    Enjoy!!

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Indonesië, Lovina

Mijn eerste reis

Bali&Thailand

Recente Reisverslagen:

25 November 2016

Thailan wike 2; Jungle!

20 November 2016

hallo Thailand!

08 November 2016

Dag Lovina

23 Oktober 2016

Ik tink dat ik hjir bliuw wenjen

09 Oktober 2016

Bjusterbaarlikmoai Bali; wike 2&3
Femke

Actief sinds 26 Sept. 2016
Verslag gelezen: 1036
Totaal aantal bezoekers 7327

Voorgaande reizen:

26 September 2016 - 31 December 2016

Mijn eerste reis

Landen bezocht: